Oanranding op merke Sint Nyk

04 sep 2011 - 15:07

De plysje siket om tsjûgen fan oanranding op de Sint Nykster merke. Op it doarpsfeest waard in 20-jierrich famke betaaste troch in ûnbekende man, doe't se nei bûten gong om te pisjen.

Se die dat efter in skut omdat it hiel drok wie by de frouljus-húskes. In 25-jierrige freondinne stie op wacht. Om foar te kommen dat de man oan it slachtoffer komme soe is se noch boppe op de fertochte sprong. Dêrop krige se in klap yn it gesicht, wêrnei't de man útnaaide.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)