Marsumer fytst de sleat yn

In 57-jierrige Marsumer is sneon fan de Ljouwerterdyk by syn wenplak de sleat yn fytst. Tsjûgen wiene de man krekt passeard, doe't se seagen dat er ynienen 'út byld' wie. Sy binne werom fytst en fûnen de man justjes letter yn in sleat. Se ha de man út de sleat helle en de ambulânse warskôge.
It die bliken dat de man aardich oer syn teewetter wie. Plysjeminsken hawwe de man dêrop oanhâlden en ynsletten op in plysjeburo om wer nuchter te wurden.