Man oppakt by ynbraak skoalle

De plysje hat sneintemoarn betiid in 30-jierrige Ljouwerter oanhâlden by in ynbraak yn in skoalle oan de Esdoarnstrjitte. Op de earste etaazje fan de skoalle wie in rút fernield, wêrnei't it alaarm ôf gie.
Plysjeminsken en in befeiliger dy't op ûndersyk út giene fûnen de fertochte ûnder in tafel. De man hie al in beamer en twa byldskermen klear set om mei te nimmen. De fertochte is foar neier ûndersyk meinommen nei it plysjeburo.