Jongerein sylt folle minder

De ferhier fan iepen sylboaten giet achterút
De tiid dat de jongeren tusken de 16 en de 25 mei in iepen sylboat troch Fryslân toerden is foarby. Dat tinke ûndernimmers yn de wettersportbransj. Der wurde sûnt 2004 hieltiid minder iepen sylboaten ferhierd en al hielendal net mear mei tinten.
Benammen dizze simmer wie hiel min, mar dat hie ek mei it waar te krijen. Neffens de rekreaasjeûndernimmers is der lykwols mear oan de hân. Der is sprake fan in trend dy't grutte gefolgen ha kin foar de wettersport.