Gjin Oogstfeest Snakkerbuorren

04 sep 2011 - 10:48

It Oogstfeest yn de doarpstún yn Snakkerbuorren, by Ljouwert, giet snein net troch. De organisaasje besleat tongersdei it feest net trochgean te litten fanwege it minne waar. Doe't sneon bekend waard dat it hjoed dochs in aardige dei wurdt wat it waar oanbelanget, wie it al te let om it feest noch trochgean te litten.

It Oogstfeest yn de doarpstún wurdt alle jierren hâlden. It wie al earder útsteld fanwege it waar. It is net bekend oft der in nije datum komt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)