Lêste optreden Hepie en Hepie

Hepie en Hepie joegen sneon harren lêste optreden (foto: argyf)
Mei in optreden yn Twello is sneontejûn definityf in ein kaam oan it bestean fan it Fryske duo Hepie en Hepie. Op it poadium fan de Simmertoer fan RadioNL en TV Oranje joegen de twa harren lêste optreden.
Dizze simmer namen de sjongeressen út de Wâlden harren lêste single op. Heal oktober komt der noch in album út fan it duo. Dêrop stean de grutste hits fan de twa. Hepie en Hepie hawwe dik 30 jier mei elkoar songen.