Motor publyk ynriden

03 sep 2011 - 17:27

By it Oldtimerfestival yn Twizelerheide is sneontemiddei in motor it publyk ynriden. Dêrby binne trije minsken lichtferwûne rekke. It ûngelok barde by de gersbaanraces. De motorrider ferlear de macht oer it stjoer en klapte tsjin de stekken oan. Dêrby fleach de motor oer it stek en kaam telâne yn it publyk.

De lêste race dy't noch op it programma stie is ôflast. It feest letter op de jûn giet mei op fersyk fan de trije ferwûnen, wol troch.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)