Ferlies Drachtster Boys

Sneonshaadklasser Drachtster Boys hat yn de seizoensiepening de punten lizze litten. Tsjin WHC út Wezep waard mei 1-0 ferlern, troch in doelpunt yn de 36e minút. WHC wie doe folle better.
Yn de twadde helte koe Drachtster Boys mear partij biede. Doe krige in WHC-spiler read en de Drachtsters in penalty. Middenfjilder Joël Wagenaar skeat oer. Fuort dêrnei krige Drachtster Jacob Bras noch read nei in swiere oertrêding. Spits Jelle Teitsma rekke yn de lêste minút noch de peal.