Wide Open-drokte op Flylân

03 sep 2011 - 14:25

Dit hiele wykein stiet Flylân yn it teken fan Into the Great Wide Open. It muzykfestival wurdt foar de tredde kear holden en alle 5000 kaarten wiene yn in pear minuten tiid útferkocht. De organisaasje wol it graach sa hâlde, lytsskalich ynstee fan hieltyd grutter.

Op ferskate lokaasjes op it eilân trede artysten op, is keunst te sjen en wurde films fertoand. Mar it giet foaral om de muzyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)