Man rydt greppel yn

03 sep 2011 - 14:12

In 70-jierrige Utrechter is freedtejûn yn Sânhuzen mei syn auto yn in greppel riden. Hy rekke dêrby ferwûne. De man ried oer de Meulenveldwei doe't er yn de greppel bedarre.

De Utrechter is mei ferwûnings nei it sikehûs op It Hearrenfean brocht. Omdat de man mooglik ûnder ynfloed fan drank wie, is yn it sikehûs in bloedûndersyk dien.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)