Bierblikje tsjin auto goaid

03 sep 2011 - 14:01

In 49-jierrige Holwerter hat freedtenacht yn Dokkum mei in bierblikje in auto bekûgele. In 22-jierrige automobilist ried oer de Keppelstrjitte, doe't er it blikje tsjin de auto krige. De auto rûn dêrby skea op.

By in kafee yn deselde strjitte trof de plysje in man dy't oan it sinjalemint foldie dat de bestjoerder trochjûn hie. Hy is oanholden.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)