Nei 5100 km draven wer thús

03 sep 2011 - 13:23

Jenni de Groot fan Ljouwert is yn 70 dagen fan Los Angeles nei New York ta draafd. Mei har partner Anneke Kuiper hat se de ôfrûne twa moanne meidien oan de LA-NY Footrace, in wedstryd oer 5100 km fan Los Angeles nei New York. Anneke op de fyts en Jenni dravend.

Benammen Jenni hat it dreech hân en koe twa dagen net meidwaan oan de race. Dêrtroch stiet se net yn it klassemint. Ferline wike finishten de Friezinnen yn New York en ôfrûne tiisdei kamen se wer werom yn Ljouwert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)