Oldtimers yn Twizelerheide

03 sep 2011 - 12:49

Op it Oldtimerfestival yn Twizelerheide dogge sneon 150 koereurs mei oan gersbaanraces. Lokale koereurs dogge mei tsjin ynternasjonale racers. Der wurdt ek mei radiografysk bestjoerbere auto's raced.

Sintraal op it festival steane âlderwetske auto's, frachtweinen, trekkers, motors en brommers. Hiele ferienings mei samlings âlde reauwen litte har pronkstikjes sjen. It festival wurdt sneontejûn ôfsletten troch de boererockband Mooi Wark.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)