Alderein betûfter op kompjûter

Fryske âlderein wit hieltyd better hoe't se mei de kompjûter omgean moat. Dêrtroch nimt it ferlet fan kompjûterlessen foar âlderen bot ôf. By ferskate ôfdielings fan Seniorweb is it tal dielnimmers yn tsien jier tiid hast mei 25 persint weromrûn.
It wurdt foar guon ôfdielings sels dreech om de kursussen finansjeel oerein te hâlden. Sa kin it bygelyks by Seniorweb De Gordyk eins al net mear út om de kursussen te jaan.