Feanfroulju begjinne mei winst

De froulju fan Sportklup Hearrenfean binne de kompetysje begûn mei in 1-0 oerwinning yn en tsjin FC Utrecht. De iennige goal fan de wedstriid foel pas yn de blessueretiid en waard makke troch Nangila van Eyck.
Koprinner yn de earedivyzje foar froulju nei de earste ronde is ADO Den Haach. Dy ploech wûn mei leafst 8-0 fan debutant FC Zwolle. FC Twente wûn yn Limburch mei 2-1 fan VVV Venlo. Freed 9 septimber spylje de froulju fan Hearrenfean thús tsjin Zwolle.