Jubileum Amnesty-ôfdieling

02 sep 2011 - 20:12

De ôfdieling Weststellingwerf fan minskerjochtenorganisaasje Amnesty International bestiet dit jier tritich jier. Om dat te fieren wurdt in ferhalewedstryd hâlden. Eltsenien dy't dat wol kin meidwaan. De ferhalen meie yn it Nederlânsk, Frysk, Stellingwerfs of elke oare taal skreaun wurde.

De iennichste beheining is dat der maksimaal 5.000 wurden brûkt wurde meie. Fierder moat it ferhaal wat mei frijheid te krijen ha.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)