Bikedispenser net in súkses

02 sep 2011 - 19:13
De bikedispenser

De bikedispenser yn Ljouwert is noch altyd net it grutte súkses dêr't de gemeente Ljouwert op hope hie. De bikedispenser is in soarte fan kast mei dêryn 50 fytsen. Minsken kinne in abonnemint nimme en dan sa'n fyts brûke om de stêd yn te gean. De auto wurdt dan bûten de stêd parkeard.

Oant no ta binne der mar 39 minsken dy't sa út en troch in fyts pakke. En omdat der ûnderhâld dien wurdt oan de dispenser kin er sels hielendal net brûkt wurde.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)