Feansterfroulju tsjin Utrecht

02 sep 2011 - 15:48

It frouljusteam fan SC Hearrenfean set freedtejûn útein mei de kompetysje. It team fan de nije trainer Peter Meindertsma nimt it op tsjin FC Utrecht. Meindertsma is de opfolger fan Rick Mulder dy't no trainer is fan FC Grins/Cambuur C1.

It is foar Meindertsma dreech yn te skatten hoe't syn ploech derfoar stiet. Hy hat him as doel steld om dit jier by de bêste trije te einigjen. FC Twente is foar him de grutte favoryt foar de titel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)