Wetteraksje Tûmba op Nijstêd

Skjin wetter stie tongersdei sintraal tidens de earste upgrade yn Fryslân, in aksje fan Tûmba op 'e Nijstêd. In upgrade is in aksje fan jongeren om de wrâld wat better te meitsjen. Jongeren ferkochten tongerdei skjin wetter oan it winkelend publyk.
De opbringst giet nei stifting 'Water for everyone' fan Leo Groendijk van it Van Hallynstitút yn Ljouwert. Hy hat lytse wettersuveringsynstallaazjes útfûn dy't doarpen yn earme gebieten oan skjin wetter helpe kin.