Saak Meindertsma nei it hôf

02 sep 2011 - 12:20

Peter Meindertsma en Harkemase Boys treffe inoar wer foar de rjochter. Meindertsma krige yn maart fan dit jier dien as trainer by de topklasser, mar beide partijen kinne it net iens wurde oer de ôfkeapsom.

Yn july hat de arbitraasjekommisje fan it KNVB besletten dat Harkemase Boys Meindertsma sa'n 15.000 Euro netto betelje moast. Harkemase Boys is it dêr net mei iens en stapt opnij nei de rjochter. Dizze moanne sil it gerjochtshôf yn Arnhem útspraak dwaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)