Wetterskip ferleget wetterpeil

02 sep 2011 - 10:37

Wetterskip Fryslân ferleget wêr't dat kin it wetterpeil yn de polders nei it winterpeil. Dat is bysûnder, want ornaris bart dat net earder as yn oktober. De maatregel hat te krijen mei it wiete waar fan de ôfrûne tiid.

Omdat de grûn sa wiet is, is it foar boeren dreech har guod fan it lân te heljen. Om it wurk foar de boeren makliker te meitsjen, is besletten de wetterpeilen te ferleegjen. Dan kin it wetter op it lân better en gauwer ôffierd wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)