Himpkwekerij yn Wolvegea

02 sep 2011 - 10:26

In man fan 21 út Wolvegea is tongersdei oanhâlden omdat er in himpkwekerij hie. It hûs fan 'e man oan de Meulestrjitte moast ûntromme wurde fanwege in hierachterstân en doe fûnen de plysjes de himpplanten. De fertochte moast mei nei it buro.

De planten en de apparatuer binne yn beslach naam en ferneatige.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)