Skipper Skûtsje Langwar fuort

02 sep 2011 - 08:49

Skipper Ulbe Brandsma fan it skûtsje fan Langwar hâldt op. Neffens de stifting Skûtsjes Doniawerstal, dy't eigner is fan it skûtsje, ha de stifting en de skipper yn goed oerlis besletten har gearwurking fuortendaliks stop te setten.

Ulbe Brandsma wie tusken 1999 en 2009 bemanningslid en sûnt maart ferline jier skipper op it Langwarder skûtsje. Hy en syn bemanning waarden dit jier tsiende by it SKS-skûtsjesilen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)