Gebietsferbod wurket dreech

Tsjin oertreders fan in gebietsferbod is kwalik op te treden. Justysje kin neat dwaan tsjin minsken dy't it opleine ferbod hieltyd wer oertrede. Allinnich at der in misdriuw pleegd wurdt kin der yngrepen wurde. Dat seit offisier fan justysje Ed Boelen.
Yn Ljouwert is in man al 15 kear oppakt foar it oertreden fan it gebietsferbod. Hy sit in pear oeren fêst, mei dan wer fuort en soarget wer foar oerlêst. In junk, sa't dizze man is jout net om sa'n maatregel.