'Stabij populêr yn Amearika'

01 sep 2011 - 18:46

Nei it Fryske hynder is ek it Fryske hûneras de stabij yn opkomst yn Amearika. Dat sei foarsitter Lynn Brewer fan de American Stabij Association op de Euro Dog Show yn Ljouwert. Der binne no sa'n 210 stamboek-stabijhûnen yn Amearika en Kanada en dat oantal groeit hurd.

Der binne sa'n 50 stabijs dêr't mei fokt wurdt en alle jierren wurde yn trochsneed sa'n sân pupkes út Fryslân ynfierd. De stabij is populêr fanwege it uterlik en it karakter fan 'e hûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)