Twittersprekoere in súkses

It alderearste Twittersprekoere fan Fryslân wie in súkses. Wethâlder Houkje Rijpstra fan Tytsjerksteradiel hold tongersdei tusken 15.30 en 16.30 oere in sprekoere fia Twitter. De fragen giene û.o. oer parkearen, de gearwurking mei oare gemeenten en duorsumens.
De wethâlder fûn it twittersprekoere in súkses en se giet der de kommende tiid mei troch. Mooglik dat ek de oare wethâlders sa'n twittersprekoere begjinne.