Hoeder wol plan sels útfiere

01 sep 2011 - 12:48

Skiephoeder Henry Hoiting fielt him passeard. Hy hie it plan betocht om mei skiep tiken te fangen op campings. Lânskipsbehear Fryslân hat 300.000 euro krigen fan de provinsje om it wittenskiplik te ûndersykjen. Dêrfoar wurde skiep fan Lânskipsbehear brûkt.

Hoiting fan Appelskea hie it plan al folslein útwurke en wol helpe yn de útfiering. Syn skiep soene dan ek ynset wurde moatte. Lânskipsbehear lit witte gearwurkje te wollen mei Hoiting. Hoe moat noch bepraat wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)