Frou mishannele op De Lemmer

Twa mannen fan De Like en Noordwyk binne woansdei op 'e Lemmer oanhâlden op fertinking fan swiere mishanneling. De mannen (51 en 18) wiene by in hûs oan de Pluut om neffens ôfspraak guod op te heljen. De bewenster woe de manlju net binnen litte. Se diene dit wol en namen it guod mei. Hjirtroch ûntstie rúzje. De frou waard slein en skopt. Buertbewenners bellen 112.
De frou is nei it sikehûs brocht. De mannen binne oanhâlden en sitte noch fêst foar ûndersyk.