Foppe ferliest wer mei Tûvalû

Bûnscoach Foppe de Haan fan Tûvalû hat nei it 5-1 ferlies tsjin Vanûatû opnij dik ferlern. Thúslân Nij Kaledoanje, dat de Pacific Games organisearret, wie mei leafst 8-0 te sterk. It wie de tredde poulewedstriid foar De Haan en syn ploech. Allinnich de earste waard mei 4-0 wûn.
Der folgje no noch twa wedstriden. Earst moat Tûvalû it opnimme tsjin de Salomonseilannen en de lêste wedstriid is tsjin Guam.