Drokte foar leanbedriuwen

31 aug 2011 - 21:36

Fryske leanbedriuwen hawwe it de kommende dagen smoardrok. No't der de kommende dagen gjin rein liket te fallen, kinne se einliks it lân op. Dat slagge yn augustus mar in pear kear om't it hieltyd sa wiet wie.

De kommende dagen ferwachtsje leanbedriuwen in soad risping fan it lân helje te kinnen. It giet dan om bygelyks graan, biten en ierpels. Neffens de leanbedriuwen is de measte risping fan goede kwaliteit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)