Minder winst Friesland Campina

Minder winst by hegere omset
FrieslandCampina hat woansdei nei it sluten fan de beurzen de healjiersifers bekend makke. De netto-winst rûn mei 18,6 persint werom en komt út op 127 miljoen euro. Dat is flink leger as ferline jier doe't de winst groeide mei 57 persint. Ekstra ynvestearrings yn de organisaasje en in nije winstferdieling oan de boeren is dêr de oarsaak fan.
De netto-omset groeide mei 9,3 persint nei 4,7 miljard euro. Dat komt troch de goeie ferkeap yn Afrika en Azië.