Wietste simmer sûnt 1906

31 aug 2011 - 16:32

Dizze simmer is de wietste simmer sûnt 1906. Der is sawat 100 milimeter mear rein fallen as normaal. Tiisdei is it de lêste dei fan de meteorologyske simmer. It wie in tige wikselfallige simmer en benammen hiel wiet. Der wie in soad rein, swiere buien en lege temperatueren.

Swimbaden hawwe lêst fan it minne waar. Sa hat swimbad Mounewetter yn Wytmarsum tûzenen besikers minder as yn oare jierren. Op kempings is it ek folle rêstiger as oars.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)