Provinsje sit fout mei REC

31 aug 2011 - 12:49

De provinsje hat in tik op de fingers krige fan de Rie fan Steat. Der wie ten ûnrjochte tsjin ôffalferwurker Omrin sein dat der gjin ûntheffing nedich wie fan de natuerbeskermingswet foar de bou fan de ôffaloven yn Harns. Neffens de provinsje binne der gjin skealike gefolgen foar de natuer te ferwachtsjen fan de útstjit fan de ferbaarningoven.

De Waadferiening hat de saak foar de Steatsrie brocht en dy jout de feriening no gelyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)