Swimbad De Jouwer 2 wike ticht

Foto: Omrop Fryslân
Swimbad De Stiennen Flier op 'e Jouwer giet fan takom moandei ôf twa wike ticht foar grut ûnderhâld. Dat wurdt ien kear yn de trije jier dien. It bad wurdt leechpompt en de muorren en flierren wurde skjinmakke. Tusken de dûsen en de glydbaan wurdt de flier ferfongen troch ien dy't net glêd is en better past by in subtropysk swimbad. De kosten wol de stichting fan it swimbad net bekend meitsje. It swimbad giet op 17 septimber wer iepen