Dronken by pealtsje op

In 19-jierrige man út Boelensloane en in 26-jierrige Harkemaster binne tiisdeitenacht oanhâlden om't se fuortriden wiene nei in ûngelok. De plysje krige in melding dat in auto by in pealsje op sitten hie yn de Warmoltstrjitte op de Harkema. De oaljespoaren op de dyk folgjend fûn de plysje de auto mei de twa manlju.
Ut ûndersyk die bliken dat de 19-jierrige bestjoerder te folle dronken hie. Hy krige proses-ferbaal en moast syn rydbewiis ynleverje.