Boatdieven oppakt

31 aug 2011 - 10:49

Mei help fan tsjûgen hat de plysje twa manlju fan 22 en 37 jier út Holwert oanhâlden foar it stellen fan in boat en twa bûtenboardmotoaren. In tsjûge seach ferline wike by de Dokkermer Ie by Raard twa manlju yn in boat dwaande mei it fuortslepen fan in oare boat.

Nei ûndersyk waard dúdlik dat in oare tsjûge sjoen hie dat de twa deselde boat út it wetter helle hiene by Sybrandahûs. By de wenning fan ien fan de twa fertochten waarden de stellen boat en de twa motoaren fûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)