Undernimmers hâlde moed

Undernimmers yn Noard-Nederlân hâlde de moed deryn, ek al is de ekonomyske krisis noch net oer. Dat docht bliken út sifers fan de Keamer fan Keaphannel. De ferwachtings foar it tredde fearnsjier lizze wol leger as dy fan it twadde.
Fan de ûndernimmers ferwachtet 8% dat de omset de kommende moannen tebekrint. De eksport fan de yndustry hat noch altyd bot te lijen fan de krisis. De gefolgen foar de wurkgelegenheid falle noch wol ta.