Jong Hearrenfean wint mei 4-0

30 aug 2011 - 21:30

Jong SC Hearrenfean hat tiisdeitejûn op sportpark Skoatterwâld mei 4-0 wûn fan Jong ADO Den Haach. Fan it begjin ôf wie Hearrenfean ADO de baas en yn de earste helte skoarden Ernesto Seymonson en Tobias Kainz.

Nei it skoft kaam ADO sterk werom, mar kaam net ta skoaren. Seymonson wist noch in twadde goal te meitsjen en yn blessueretiid makke Arsenio Valpoort 4-0. It is de twadde oerwinning fan de beloften fan SC Hearrenfean. Ferline wike waard Jong NEC ferslein.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)