Jild foar film oer aaisykjen

It Mediafûns hat 90.000 euro beskikber steld foar in dokumintêre oer it aaisykjen fan Omrop Fryslân. Yn de film 'Heit op soan, oerdracht fan in tradysje' besiket regisseur Pieter Stellingwerf it aaisykjen sa as hy it learde fan syn yntusken ferstoarne heit, oer te bringen op syn 12-jierrige soan Tjardo.
De film wurdt ynstjoerd nei Nederlânske en ynternasjonale filmfestivals en sil yn septimber 2012 te sjen wêze.