Twittersprekoere yn T'diel

Profylfoto fan wethâlder Rijpstra, op twitter bekend as @houkjer
Ynwenners fan Tytsjerksteradiel kinne as earste fan Fryslân mei gemeentebestjoerders prate op twitter. Wethâlder Houkje Rijpstra hâldt tongersdeitemiddei har earste twittersprekoere.
Tal fan politisy en ynstânsjes hâlde geregeld sokke sprekoeren, mar wethâlders dogge dat noch net in soad. Allinnich yn de Súdhollânske gemeente Pijnacker-Nootdorp hâldt it gemeentebestjoer alle wiken in twittersprekoere.