Mooglik famylje fan Morgan fûn

De kâns bestiet dat der famylje fan de orka Morgan fûn is foar de kust fan Noarwegen. Dat seit de Orka Coalitie, dy't al in skoft besiket it yn de Waadsee oantroffen bist werom nei see te krijen. Morgan ferbliuwt no noch yn it Dolfinarium yn Hurderwyk.
Tiisdei wie der oerlis mei steatssekretaris Bleker. Ofpraat is dat der lûdsopnames makke wurde fan de orka en dy wurde dan fergelike mei opnames fan de orka's by Noarwegen.