Stellen guod moat wer teplak

30 aug 2011 - 12:27

Mei de oanhâlding ferline wike fan trije Roemenen hat de plysje in ynbrekkersbende oprôle. Yn de wenning oan de Insulindestrjitte yn Ljouwert dêr't de twa mannen en in frou wenje, is in soad stellen guod fûn.

De plysje wol it spul no graach weromjaan oan de eigners. Dy kinne de plysje dan helpe mei it ûndersyk nei de bende.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)