Molotovcocktail yn Eanjum

30 aug 2011 - 10:52

Unbekenden hawwe moandeitenacht in molotovcocktail tsjin it hûs fan in 54-jierrige bewenner fan de Pfeifferbuorren yn Eanjum smiten.

De eigner seach moandeitejûn dat in part fan syn gevel swart wie. Hy fûn glêsdiggels fan in flesse by de gevel. It is noch ûnbekend wêrom't mei in molotovcocktail smiten is.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)