Auto ûnder de ketchup smard
De auto fan in 38-jierrige bewenner fan de Vondelstrjitte yn Ljouwert is moandeitenacht yn Snits ûnder de ketchup smard troch in 19-jierrige Snitser. Dy naaide út mei syn auto.
Om't de plysje it kenteken fan de auto hie, koene se de man op de Ljouwerterdyk yn Snits oanhâlde. Wêrom't de man it dien hat, is noch net dúdlik.