Minykiwys better as ierdbeien

29 aug 2011 - 20:36
Minykiwys

Minykiwys kinne foar fruitkwekers wolris in goed alternatyf wurde foar ierdbeien. Dat ferwachtet fruitbeamkweker Auke Kleefstra fan Sumar. Hy eksperimintearret al in pear jier mei minykiwys en fernimt dat se minder gefoelich binne foar sykten as ierdbeien. Minykiwys binne in stik lytser as gewoane kiwys en dogge it prima yn Fryslân.

Kleefstra hat yntusken 2000 planten ferkocht oan sawol partikulieren as professjonele kwekers.

Trefwurden: 
argyf
(advertinsje)
(advertinsje)