Yntroduksje Stenden begûn

De studinten harkje nei de taspraak fan boargemaster Crone
Mei bier en muzyk is yn Ljouwert de yntroduksje fan nije studinten fan de Stenden Hegeskoalle útein set. De yntroduksje waard iepene troch boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert. Hy hjitte alle studinten en dan benammen dy út it bûtenlân, wolkom yn de stêd.
Stenden hat in soad studinten út oare lannen. Dy komme benammen ôf op de opliedings hotelmanagemint en toerisme. De yntroduksje duorret noch de hiele wike.