Seldsume plant yn Iselmar fûn

Rykswettersteat hat in seldsume wetterplant yn 'e Iselmar fûn. It giet om de wiersoart brakwetterkrânsblêd. Dy groeide yn 't ferline wol yn de Sudersee. De plant ferdwûn mei de komst fan de Ofslútdyk.
Neffens biolooch Marcel van der Berg fan Rykswettersteat komt de plant hast net mear foar yn Nederlân. Van der Berg is tige wiis mei de fynst. De plant is wichtich foar de kwaliteit fan it wetter yn 'e Iselmar.