Swiere skorsing Schmidt

Ferdigener Doke Schmidt is foar fjouwer wedstriden skorst wêrfan ien ûnder betingst. SC Hearrenfean is akkoart gien mei it foarstel fan de tuchtkommisje fan it KNVB. Schmidt krige ôfrûne wykein yn de wedstriid tsjin Feijenoord in reade kaart nei in oertreding op Ruben Schaken. It KNVB leit Schmidt boppedat in proeftiid op fan ien jier.
Ramon Zomer krige tsjin Feijenoord ek in reade kaart. Zomer is foar ien wedstriid skorst.