Blomketerp oare wike wer iepen

Swimbad Blomketerp yn Frjentsjer giet oer in wike wer iepen. Nei de sluting yn juny hat in ploech frijwilligers en personiel de boel opknapt. De klaaikeamers hawwe nije tegels krige en oeral lizze nije flierren. Yn de kantine is aanst folle mear te krijen.
De stichting dy't it swimbad no beheart, hopet dat de Frjentsjerters manmachtich komme sadat it bad rendabel is. De stichting moat sûnder finansjele stipe fan de gemeente it bad eksploitearje.