Fonds: 100.000 foar Harmonie

29 aug 2011 - 10:44

Skouboarch De Harmonie yn Ljouwert kin op syn meast twa kear 50.000 euro krije fan it Fonds Podiumkunsten. Dat seit wurdfierdster Carli Jansen fan it Fonds. Se seit derby dat it Fonds fanwege de besunigings gjin inkelde tasizzing docht oer 2013 en letter.

Freed kaam yn it nijs dat De Harmonie de programmearring foar langere tiid oerein hâlde wol mei help fan dy subsydzje. De Harmonie hat dêroer yn july mei wethâlder Diks oerlein, mar de partijen waarden it doe net iens.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)